Seehûn Nekkie werom yn see

De seehûn Nekkie dy't begjin septimber mei slimme ferwûnings oantroffen waard by Skylge, is moandei wer werom set yn see. De seehûn wie yn in fisknet fêst rekke en dêrtroch ferwûne rekke oan 'e nekke. De ferwûnings wiene sa slim dat sels spieren en wervels bleat leine. De seehûnekresj yn Pieterburen krige meardere meldingen oer it bist. Dêr waard de seehûn ek hinne brocht om better te wurden. Dat gie sa fluch, dat Nekkie moandei al wer útset wurde koe yn de Waadsee by Skylge.