File op de A7 by Beetstersweach troch ûngelok
Ferkear op de A7 tusken Drachten en It Hearrenfean moat rekken hâlde mei fertraging. By de ôfrit Beetstersweach is in ûngelok bard. In auto is dêrby oer de kop flein en yn de berm bedarre. Der stiet dêrtroch seis kilometer file. De dyk is yntusken wer frijjûn.
It is noch net dúdlik wat de oarsaak fan it ûngelok is.