Kollum: "Ik bin in 'katerpussy'"

03 apr 2017 - 08:19

"Ofrûne moanne ha ik meidien oan Ik Pas. Ik Pas is in lanlike aksje om de hiele moanne maart gjin alkohol te drinken. It doel is om te ûntdekken hoe’t dyn lichem feroaret yn dy tritich dagen datst net mear drinkst. Fielst dy fitter, falst ôf en sliepst better, foarseine de wittenskippers. Mei oare wurden: nei dy moanne sûnder drank giest letterlik en figuerlik ‘fris’ de maitiid yn.

No moat ik sizze: it is my net ôffallen. Fansels, yn it begjin is it efkes wennen om yn ‘e kroech in sinas te bestellen yn plak fan in bierke. Mar hoe faker ast it dochst, hoe makliker it wurdt. Ik ha dan ek gjin inkel momint hân dat ik it der echt dreech mei hie. Sterker noch: ik tink dat minsken om my hinne it swierder hienen as ik sels.

Benammen yn de earste twa wiken krige ik fan alle kanten op- en oanmerkings. “Huh, drinkst net mear? Wat saai juh.” Der wie sels guon dy’t fûnen dat ik dan ek net mei hoechde nei de kroech, as ik toch net drinke soe. Blykber bin ik net gesellich sûnder drank op en kin ik by foarbaat mar better thús bliuwe. Want gjin drank op stiet gelyk oan gjin gesellichheid.

Nuver eins, ast der oer neitinkst. Dat it allinnich gesellich wêze kin as der dronken wurdt. Fansels wiene der ôfrûne moanne feestjes dêr’t ik sawat de iennige wie dy’t gjin druppel hân hie. Bygelyks it kampioensfeestje fan de kuorbalklup. Dêr stie ik as nochtere Moeder Theresa tusken alle feestende spilers, dy’t al flink yn ‘e oalje wienen. Net sa’n sukses. Mar der wiene ek feestjes dêr’t gjin kop drank op hie en it toch super gesellich wie.

Dus bliuwt de fraach: sit dy gesellichheid ‘m yn de drank of yn de minsken sels? Dreech om in antwurd op te jaan. Ien ding bin ik wol wis fan: sûnder drank bin ik miskien net sa gesellich mar wol in stik fitter. Wat in ferademing om sneintemoarn sûnder kater wekker te wurden. Gjin pinekop, net de hiele dei sin in fette snack en gjin nuver kronkeljende terms yn it liif. Ik ha my sûnt lange tiid net sa fit field.

Mar no komt it: myn doel fan dizze hiele aksje wie net om ‘geheel onthouder’ te wurden. Ik wol my net oanmelde by de Blauwe Knoop. Mei oare wurden: ik gean wer oan de suip. Mar stikem bin ik in bytsje benaud wurden nei alle ferhalen dy’t ik hear. Nei sa’n moanne sûnder drank, skynt it earste bêste bierke der ekstra hurd yn te slaan.

Dat belooft noch wat, want ik hie foar dizze moanne somstiden nei trije bierkes al lêst fan in joekel fan in mantsjeskat. Hiele sneinen rûn ik om mei in kater fan jewelste, wylst de rest fan myn drinkbuddy’s nearne lest fan hie. Fan alle kanten krige ik tips om de kater te bestriden. Fuort nei it stappen earst in liter wetter drinke. Foar dast op bêd giest earst noch in aaike bakke en in parasetamoltsje slikke. Op ‘e wc efkes de finger yn de hals. Ik ha alles besocht, mar neat holp. Allinnich nét drinke wurket as in tiet.

‘Deze maand gaat je leven veranderen’ beloofde Ik Pas. En dat kloppet. Dizze moanne sûnder drank hat my feroare. Ik bin in weak aai wurden, skitensbenaud foar dy earste hang over. Ik skyt al yn ‘e broek as ik allinnich mar tink oan dy earste mantsjeskat dy’t my sneintemoarn wer wekker meitsje sil. Net sa’n sacht spinnend leaf poeske op it fuortenein fan it bêd, mar sa’n grauwe miauwkjende boarre dy’t my boppe op ‘e kop springt.

It is tryst mar wier. Tritich dagen gjin drank en ik bin no al in ‘katerpussy’ wurden."

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance tekstskriuwer foar ferskate Fryske media en wurket dêrneist by de NHL. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nochter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)