SP-Keamerlid skokt troch situaasje by Trajectum

De lokaasje fan Trajectum yn Appelskea © Google Streetview
SP-Keamerlid Lilian Marijnissen is skokt troch de misstannen by soarchynstelling Trajectum. Dat sei se tsjin RTV Drenthe. Kliïnten soene troch in personielstekoart earder yn de isolearsel set wurde. Earder neamde it fakbûn FNV de situaasje by Trajectum al 'onacceptabel'. Wurknimmers hiene yn maart in swartboek oer de hege wurkdruk oerhandige oan de rie fan bestjoer fan de ynstelling.
Trajectum is in soarchynstelling mei alve lokaasjes yn it noarden en easten fan it lân en bedoeld foar pasjinten mei slimme gedrachsproblemen of mei psychiatryske klachten. Yn Fryslân hat de soarchynstelling lokaasjes yn Appelskea, Easterstreek en Ravenswâld.
De Ynspeksje foar de Sûnenssoarch (IGZ) docht op it stuit ûndersyk nei Trajectum. "We zullen zeker de uitkomsten van het IGZ onderzoek nauwlettend in de gaten houden", sa seit Marijnissen. "Het is onacceptabel dat cliënten om andere dan in de protocollen als benoemde noodzakelijke redenen in een separeercel worden gezet."