"Natuerorganisaasjes en toerisme moatte mear gearwurkje"

02 apr 2017 - 19:29

Natuerorganisaasjes en toerismeûndernimmers yn it Waadgebiet moatte mear each hawwe foar inoars belangen. Se moatte net de striid mei-inoar oangean. Dat seit Jasper Heslinga fan de Ryksuniversiteit Grins. Hy docht promoasjeûndersyk nei hoe om te gean mei toeristen yn it Waadgebiet. Neffens him is it alderwichtichste om natuer en toerisme tichter byinoar te bringen.

Ut syn ûndersyk docht bliken dat as it ekonomysk wat minder giet, der dan mear each is foar projekten dy't jild opbringe. En as it ekonomysk goed giet, ha we wer mear romte om oan natuerbeskerming te dwaan. Heslinga tinkt dat beide belangen byinoar bringe it measte opsmite sil. Sa bringt toerisme jild yn it laatsje om natuer te fersterkjen en lûkt de natuer nije toeristen oan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)