Krimpdoarp Ljussens krijt dochs nije wenningen

02 apr 2017 - 19:12

Ein 2018 sil der oan De Kamp yn Ljussens úteinsetten wurden mei de bou fan twa nije wenningen. Ljussens leit boppe Dokkum yn in krimpregio en dêrom is it opfallend dat wenningkorporaasje Thús Wonen oan it huzebouprojekt meidocht. Dy dielname komt foar in grut part troch it lobbywurk fan de projektgroep It Nije Doarp Moarre-Ljussens. Sûnt 2014 binne sy dwaande mei de striid tsjin krimp. De bou fan de nije huzen fielt foar harren oan as in grutte oerwinning. Neffens Tettie Stiemsma fan de wurkgroep fielt it as it winnen fan de lotterij.

Fanút de projektgroep is oanjûn dat der benammen nije hierwenten foar âlderen komme moatte yn it doarp. De twa nije wenningen wurde dan ek boud mei it each op de âlderen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)