VV Hearrenfean ferliest mei 4-1 fan Hollandia

02 apr 2017 - 17:24

VV Hearrenfean hat snein de útwedstriid tsjin Hollandia mei 4-1 ferlern. Foar de Feansters wie it de twadde romme nederlaach op rige. Ferline wike waard der mei 5-0 ferlern fan De Meern. Hearrenfean kaam by Hollandia al nei twa minuten op achterstân en yn de tolfde minút ferdûbele de ploech út Hoorn dat nei 2-0. Foar rêst waard ek noch de 3-0 makke, yn de 26e minút. Nei it skoft like VV Hearrenfean it spul wer op oarder te hawwen mei in doelpunt fan Ivar Span yn de 50e minút: 3-1. Dochs wist Hollandia ek noch de 4-1 op it boerd te setten.

VV Hearrenfean stiet yn de sneinshaadklasse A no op it 14e plak mei 26 punten út 25 wedstriden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)