Drachtsters protestearje tsjin hûnestront yn de strjitte

02 apr 2017 - 16:29

Bewenners fan De Splitting yn Drachten hawwe skjin harren nocht fan de hûnestront dy't achterlitten wurdt yn de strjitte. "Wij zijn het schijtzat", sa skriuwe se út protest op in spandoek. Ek ha se sa'n hûndert reade pûdsjes op in stokje yn it gers foar harren hûzen stutsen. De bewenners wolle mei dizze aksje de hûnebaaskes derop wize de hûnestront op te romjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)