Skylge hat suksesfolle tsiende edysje Fjoertoer belibbe

02 apr 2017 - 15:59

Skylge hat sneontejûn in suksesfolle tsiende edysje fan de Fjoertoer belibbe. Oan de kuiertocht diene hast 5000 dielnimmers mei en dêrmei siet it evenemint fol. Neffens de organisaasje wiene de startbewizen ein novimber al yn oardel oere útferkocht. By de Fjoertoer kinne der trije ôfstannen ôflein wurde: 15, 20 en 25 kilometer. De start wie yn Midslân en de finish by de Brandaris yn West. Underweis kamen de kuierders yn it tsjuster lâns alderhande ynstallaasjes mei fjoer-, ljocht- en lûdseffekten.

Der wie ûnder oare in 14 meter hege Brandaris boud op it dún by Midslân oan See. Om it 10-jierrich bestean ekstra feestlik te meitsjen, wiene der dit wykein ferskate aktiviteiten. Sa koene minsken meidwaan oan perkusjeworkshops en wie der film, teäter, muzyk en in afterparty. 

Ideaal waar

Foarsitter Albert Wiegman fan de organisaasje is tige tefreden oer it ferrin fan de nachtlike kuiertocht. "Het was de tiende Fjoertoer en dus een extra feestelijke editie. En dat was te merken onderweg, er was heel veel sfeer en de deelnemers hebben enorm genoten." Ek oer it waar wie er te sprekken. "Voor de deelnemers waren het ideale omstandigheden. Er was vrijwel geen wind en de mensen konden op het strand bovendien genieten van een prachtige zonsondergang."

De Fjoertoer jildt as iepener fan it toeristeseizoen op Skylge. "Het was een perfecte start van het nieuwe seizoen”, sa seit Wiegman. "Het laat zien wat je met z’n allen op een relatief klein eiland kunt bereiken."  Wa't der diskear net by wêze koe, kin it folgjend jier wer besykje. De Fjoertoer wurdt dan hâlden op sneon 7 april.

Trefwurden: 
fjoertoer Skylge
(Advertinsje)
(Advertinsje)