Willem Barentsz-projekt hat ferlet fan timmerlju

Stichting Ekspedysjeskip Willem Barentsz hat ferlet fan timmerlju. Yn de haven fan Harns wurdt it 16e iuwske skip de Willem Barentsz op âlderwetske wize neiboud. Al seis jier binne frijwilligers dwaande mei dit projekt, mar de replika is noch hieltyd net ôf.
De stifting hopet dat it skip dizze simmer ôf komt, mar dêr hawwe se noch wol in oantal frijwilligers by nedich. Benammen minsken dy't meibouwe wolle oan it skip binne hurd nedich. As it skip klear is, sil it as ekspirimint ek it wetter op.
Ferline wike waard noch bekend dat de Nova Zembla Experience yn de loads dêr't no oan de Willem Barentsz wurke wurdt, net trochiet.