Dronken bestjoerder ramt ferkearsboerd by It Hearrenfean

© ANP XTRA
De plysje fan It Hearrenfean hat sneontenacht kontrôles hâlden. Dêrby waarden ferskillende bekeuringen útdield foar it riden ûnder ynfloed. In man fan It Hearrenfean en in man út Emmeloord krigen behalve in bekeuring ek in ferplichte kursus oplein.
Sneintemoarn botste in bestjoerder by de Haskerútgong op in ferkearsheuvel. Minsken dy't it seagen, bellen de plysje en dy hat de man oanhâlden. Hy hie tefolle dronken en krige dêrfoar in bekeuring, ek de skea oan it ferkearsboerd moat er betelje.