FIDEO: It Ljouwerter DNA fan maratonrydster Ankie Ytsma

02 apr 2017 - 11:57
Ankie Ytsma, maratonrydster - Foto: Finster op Fryslân

It DNA fan Ljouwert is in keunstwurk fan elkenien dy’t wat mei Ljouwert hat. Keunstners Hein de Graaf en Joop Zwart betochten it community art projekt en fregen har ôf: hoe fertelst it ferhaal fan in hiele stêd? Troch elts ferhaal yn in lyts reagearbuiske te fangen, en fan al dy tûzenen buiskes in keunstwurk te meitsjen yn 2018. Finster op Fryslân lit filmkes sjen fan in oantal fan dy ferhalen.

Yn dizze ôflevering Ankie Ytsma, maratonrydster. Mear ferhalen? Sjoch op finsteropfryslan.frl

(Advertinsje)
(Advertinsje)