"Bonifatius is net fermoarde, mar sneuvele by Dokkum"

02 apr 2017 - 11:30

Bonifatius is net fermoarde, mar hy is omkaam yn in fjildslach. Dat is de konklúzje fan nij histoarysk ûndersyk nei de dea fan de misjonaris. Yn it boek 'Moord en Doodslag' fan de histoarisy Anne Doedens en Marijke van de Vrught stean yn totaal 16 moarden beskreaun dy't fan grutte betsjutting west hawwe. Snein wiene se yn it radioprogramma OVT (VPRO).

Neffens de skriuwers is Bonifatius om it libben kaam doe't hy mei soldaten ûnderweis wie nei Dokkum. De ynwenners fan Dokkum fielden harren bedrige troch de komst fan de soldaten.

Sy stjoerden wapene mannen op de groep fan Bonifatius ôf. Yn de fjildslach dy't dêrop folge is Bonifatius ferwûne rekke en ferstoarn. Dus net fermoarde, sizze de histoarisy. Ek it ferhaal dat er himsels beskerme hat mei in bibel boppe de holle is, neffens de skriuwers, letter betocht troch de katolike tsjerke.

Trefwurden: 
Bonifatius fjildslach Dokkum
(Advertinsje)
(Advertinsje)