Supporters ferniele kafee yn binnenstêd fan Almelo

© GinoPress
Yn de binnenstêd fan Almelo is sneon in kafee fernield. Fuotbalsupporters fan Heracles waarden achternei sitten troch supporters fan SC Hearrenfean en flechten in kafee yn. Yn it kafee rûn it út de hân, sa meldt RTV Oost op basis fan berjochten fan Twentsche Courant Tubantia. Der binne stuollen troch de saak gien en der is in rút sneuvele.
Hokker supportersgroep ferantwurdlik is foar de skea, kin de plysje noch net sizze. Der is net ien oanholden. De fernielings yn it kafee wiene noch fóar de wedstryd Heracles-Hearrenfean.
Yn in filmke op de Facebookside fan Negentiennuldrie, in supportersaccount fan Heracles, is in groep minsken te sjen dy't fuortrinne by it kafee. It soe hjir neffens de side om Hearrenfeansupporters gean.