Fergees mei de trein mei it boekewikegeskink

02 apr 2017 - 08:55

De nasjonale boekewike sit der op en dat betsjut dat der snein noch fergees reizge wurde kin mei de trein. It boekewikegeskink jildt dan as treinkaartsje. De boekewike is dit jier foar de 82e kear hâlden en it tema wie 'Verboden Vruchten'.

It boekewikegeskink waard dit jier skreaun troch Herman Koch. Mei dat boek yn de tas kinne jo dus hjoed fergees mei de trein. Herman Koch sels reizget hjoed ek troch it lân en lêst dan yn de trein stikken út syn boek foar.

(advertinsje)
(advertinsje)