SC Hearrenfean mei 4-1 it skip yn tsjin Heracles

SC Hearrenfean is sneontejûn it skip yngien tsjin Heracles. Mei mar leafst 4-1 waard der ferlern fan de ploech út Almelo. Benammen de earste helte wie dramatysk. Hearrenfean wist yn de 5e minút wol de iepeningstreffer te meitsjen. Pelle van Amersfoort waard yn it 16 meter-gebiet ûnderúthelle en dus gong de bal op de stip. De penalty waard trefseker ynsketten troch Reza Ghoochannejhad. Lang koene de Feansters lykwols net fan dy foarsprong genietsje, want fjouwer minuten letter makke Reuven Niemeijer de lykmakker: 1-1.
Nei't St. Juste fan SC Hearrenfean in giele kaart krige foar in oertreding op Armenteros wist dyselde Armenteros Heracles fanút in frije traap op in 2-1 foarsprong te kommen yn de 20e minút. Fiif minuten letter wie it wer raak foar Heracles. Kuwas skeat in frije traap fan grutte ôfstân yn en sette de 3-1 op it skoareboerd. Dêrnei gong it hielendal mis foar SC Hearrenfean. St. Juste krige syn twadde giele kaart foar in hurde oertreding op Gosens en moast mei read it fjild ferlitte. Even foar rêst waard it 4-1 foar de thúsploech trochdat Peterson de bal fanút in corner hurd ynkopte.
Yn de twadde helte gong Heracles op syk nei it fyfde doelpunt, mar slagge dêr net mear yn ek al hiene se in man mear as Hearrenfean. Ek de Feansters wisten net mear te skoaren en sa bliuw de stân 4-1.