LDODK moat belies jaan tsjin TOP yn de play-offs

01 apr 2017 - 22:11

LDODK is sneontejûn útskeakele yn de play-offs fan de kuorbal league. Mei 34-29 waard de heale finale ferlern fan TOP út Sassenheim. Nei in bliksemstart kamen de Gordyksters flot op in 5-1 foarsprong, mar by it skoft stienen se mei 12-9 achter. Yn de twadde helte like alles wer mooglik by in stân fan 15-15. TOP rûn lykwols hieltyd fierder út en joech dy foarsprong net mear út hannen.

De earste wedstriid yn Sassenheim, ôfrûne snein, hie TOP wûn mei 24-20. Mei de twa oerwinningen is TOP troch nei de finale fan de kuorbal league en sit foar LDODK it seizoen derop. PKC of Blau Wyt (Amsterdam) wurdt de oare finalist. TOP is de regearend lânskampioen.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK Kuorbal League
(Advertinsje)
(Advertinsje)