Tiidkapsule mei 3000 boadskippen ferstoppe ûnder akwadukt

01 apr 2017 - 21:25
Wethâlder Harry Boon en projektlieder Gosse Schriemer mei de tiidskapsule - Foto: Joachim de Ruijter

Under it nije akwadukt yn de N31 by Harns binne sneontemiddei 3000 boadskippen foar de takomst ferstoppe. Wethâlder Harry Boon en projektlieder Gosse Schriemer joegen in wettertichte buis mei de kaartsjes deryn oan in dûker. Dizze hat de tiidkapsule meinaam nei de boaiem fan it Van Harinxmakanaal en ferstoppe ûnder it akwadukt. De boadskippen binne skreaun troch basisskoalbern en ynwenners fan Harns en Mullum. It is de bedoeling dat de kaartsjes yn de takomst fûn wurde as it akwadukt wer fernijd wurdt, miskien wol oer hûndert jier.

(Advertinsje)
(Advertinsje)