Stellen Mercedes fan A7 helle, ynsittenden oppakt
De plysje hat freedtejûn in stellen Mercedes fan de A7 by Drachten helle en de twa ynsittenden arrestearre. Yn de auto sieten in 51-jierrige man sûnder fêst wenplak en in 35-jierrige frou út Hurdegaryp. De man sei dat it syn auto wie, mar foarige wike hie de echte eigener út Urk oanjefte dien fan stellerij. Neffens de plysje hat de frou daliks in ferklearring ôflein en is se frijlitten fanwege privee-omstannichheden. De man sit noch fêst foar ferhoar.