Fryslân is koprinner mei elektrysk farren en fytsen

01 apr 2017 - 19:02

Fryslân rint foarop yn de wrâld fan it elektrysk farren en fytsen. En dêr moat folle mear de klam op lizze yn binnen- en bûtenlân. Dat fynt de provinsje Fryslân. Sa moatte de Fryske ûndernimmers faker op ynternasjonale beurzen stean mei harren elektryske produkten, mar ek yn eigen provinsje moat it promoate wurde. En dêrom is der dit wykein iepen hûs by de elektryske boatebouwers fan Heech. Sa wolle se ek oan de Friezen sjen litte wat de nijste ûntwikkelingen binne.

De batterijen fan elektryske boaten wurde hieltyd better, mar ek komme der hieltyd nije typen boaten by. Sa hat Gerben Zwerver fan Elfsteden Vaarvakanties krekt twa miljoen euro ynvestearre yn alve kanaalboaten dy't minsken hiere kinne om in wike it wetter op te gean.

Hieltyd mear Fryske farrûtes binne allinich mar tagonklik foar elektryske boaten en ek it elektrysk fytsen sit yn de lift. De Fryske fytsfabrikanten rinne foarop yn de ûntwikkelingen en doel is om beide saken yn it toeristysk oanbod oan elkoar te keppeljen. Dus bygelyks pakketoanbiedings fan in wike in elektryske boat en in elektryske fyts hiere. De boatebouwers tinke dat de groei der noch lang net útgiet. Op dit stuit hawwe se ek noch boaten mei gewoane motoaren, mar úteinlik moat alles elektrysk kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)