Harkemase Boys ferliest mei 2-1 by Rijnsburgse Boys

01 apr 2017 - 17:56

Harkemase Boys hat sneon mei 2-1 ferlern yn de útwedstriid tsjin Rijnsburgse Boys. Al yn de 4e minút waard it 1-0 foar Harkemase Boys troch in goal fan Klaas Schotanus, mar hjirnei gong it mis. Yn de 25ste minút kaam dan ek de lykmakker foar Rijnsburgse Boys: 1-1. Mei dy stân gongen de ploegen ek de rêst yn.

Yn in aardige twadde helte kaam de thúsploech yn de 66ste minút op 2-1 foarsprong. Harkemase Boys krige yn de einfaze noch in pear kânsen, mar wist de lykmakker net mear te meitsjen.

Trefwurden: 
Harkemase Boys fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)