ONS komt net fierder as 1-1 lyk spul tsjin Huizen

01 apr 2017 - 17:43

ONS hat sneon mar ien punt mei werom nei Snits naam. Yn de útwedstriid tsjin Huizen waard it 1-1. De Snitsers begûnen min en wisten gjin kânsen te kreëarjen. Huizen die dat wol, mar keeper Bas van Wegen fan ONS hold syn doel skjin. De rêststân wie dan ek 0-0.

Nei rêst gong it wat better. Yn de 57ste minút makke Ale de Boer syn achtste doelpunt fan dit seizoen en sette sa de 1-0 op it skoareboerd. Mar Huizen joech net op en yn de 66ste minút waard it 1-1. Yn de einfaze wiene der noch wat kânsen foar ONS, mar dy waarden net mear fersulvere.

Trefwurden: 
ONS Boso Snits fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)