Judoka Ausma wint brûns by Grand Prix yn Georgië

01 apr 2017 - 17:24

Judoka Natascha Ausma fan Lippenhuzen hat sneon brûns pakt by de Grand Prix fan Tbilisi yn Georgië. Se die dat yn de klasse oant 70 kilogram. It is de earste Grand Prix-medalje út de karriêre fan de 20-jierrige judoka. Ausma wûn de striid om it brûns fan Anna Bernholm út Sweden.

It is oant no ta in súksesfol jier foar Ausma. Begjin maart wûn se goud by it European Open yn Praag en yn febrewaris brûns by it European Open yn Sofia.

Freed pakte judoka Margriet Bergstra fan De Lemmer ek al brûns yn Tbilisi, yn de klasse oant 57 kilogram.

(advertinsje)
(advertinsje)