Keunstmjittige riffen moatte skipswrakken beskermje

01 apr 2017 - 15:29

Yn de Waadsee lizze hûnderten skipswrakken en guon dêrfan binne fan kultuerhistoaryske wearde. Om dy wrakken goed te beskermjen tsjin de ynfloeden fan de see, wurdt dizze simmer in proef dien mei de oanlis fan keunstmjittige riffen fan natuerlik materiaal. Dêrfoar wurdt der gaas oer in wrak lein, dêr't it sân ûnder fongen wurdt. Nei ferrin fan tiid wurdt it wrak bedobbe ûnder in sânbult en krije planten en bisten der in plakje. De kommende tiid wurdt it projekt folge om te sjen wat de resultaten binne en oft de oanpak oanpast wurde moat.

Trefwurden: 
skipswrak Waadsee rif
(Advertinsje)
(Advertinsje)