Ludike Vrijstaat De Stellingen oprjochte yn Appelskea

01 apr 2017 - 14:47
Foto: Facebook, Vrijstaat De Stellingen

Yn Appelskea is sneontemiddei Vrijstaat De Stellingen oprjochte. De frijsteat is in knypeach nei de Vrije Natie der Stellingwerven, dy't 500 jier lyn oprjochte waard. De oprjochting is fierd mei in teäterfoarstelling oer trije stellingen, omdat it gebiet eartiids bestjoerd waard troch trije stellingen. De doarpen yn Eaststellingwerf meie sels witte hoe't se it 500-jierrich bestean fiere wolle en dat smyt in hiel soad ferskillende festiviteiten op. De gemeente hie in lytse ton oan subsydzje klear lizzen foar dy festiviteiten.

(advertinsje)
(advertinsje)