Man bedarret mei scootmobyl yn it wetter

01 apr 2017 - 14:12
Foto: FOJOB Mediawerk

In man is sneontemiddei yn Snits ferwûne rekke neidat hy oan de Fuutleane mei syn scootmobyl yn it wetter rekke wie. Omstanners warskôgen de helptsjinsten. De brânwacht fan Snits en Heech, in ambulânse en ek de plysje kamen op it ûngelok ôf. Omstanners hiene ûndertusken de man al út it wetter helle. Hy is mei ûnderkuollingsferskynsels nei it sikehûs brocht. De brânwacht hat de scootmobyl út it wetter helle.

Trefwurden: 
scootmobyl Snits brânwacht
(Advertinsje)
(Advertinsje)