De bêste Fryske 1 april-grappen op in rychje

01 apr 2017 - 12:58
Foto: Omrop Fryslân

Op 1 april wiene der tradysjegetrou wer hiel wat orizjinele Fryske grappen. Sa kundige kuorbalklup LDODK oan dat der in nij shirt komt mei pompeblêden. As dé klup fan Fryslân soe it pompeblêdeshirt better passe as it griene tenue dat de Gordykster no oan hawwe. Ek âld-fuotbaltrainer Foppe de Haan fertelde yn it filmke fan LDODK dat er tige te sprekken is oer de nije kar foar it shirtûntwerp, om't it grien him te folle tinken docht oan Grinslân.

Ek Sportklup Hearrenfean naam de eigen spilersgroep te fiter. Dêrfoar waard de plysje fan It Hearrenfean ynskeakele om yn sêne te setten dat de seleksje fertocht waard fan ferbeane middelen.

Op de Iewâl yn Ljouwert soe sneon in stedsstrân oanlein wurde. It blykte in 1 april-grap fan ytkafee Spinoza.

De organisaasje fan Welcome to the Village makke bekend dat besikers tenei in tatoeaazje krije yn stee fan in polsbantsje. 

Ek Omrop Fryslân hie in 1 april-grap. De Omrop makke tongersdei bekend dat se oergean soe op fertikale telefyzje. It berjocht rôp in hiel soad reaksjes op, sels fan fier bûten ús lân. Ek wiene de bylden by it VARA-telefyzjeprogramma Pauw te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)