"Gjin inkele brânwachtkazerne slút de doarren"

Gjin inkele brânwachtkazerne slút de doarren. Mooglik komme der sels kazernes by. Dat is de konklúzje út it nije dekkingsplan foar de Fryske brânwacht, opsteld troch de Feilichheidsregio Fryslân. Sa soe der mooglik in kazerne komme moatte yn Aldegea Smellingerlân, om't De Alde Feanen in risikogebiet is, dêr't de brânwacht net yn in kertier by alle huzen wêze kin.
Foar sikehuzen jilde strangere regels. Dêrom wol de Feilichheidsregio nije ôfspraken meitsje oer mear oefeningen en BHV-trainingen foar personiel. Ek komt der in ekstra blusboat.
Der binne 65 kazernes yn Fryslân. Earder foelen dy ûnder de ferantwurdklikheid fan de ferskate gemeenten, mar no falle se ûnder de provinsjale feilichheidsregio. Brânwachtkazernes yn Fryslân hawwe elkoar nedich, stelt de Feilichheidsregio. Dêrom hat it nije dekkingsplan de namme 'Samen Paraat' krige. Doel is dat by brân kazernes elkoar altyd bystean. Freedtejûn binne alle brânwachtminsken, beropsmeiwurkers en frijwilligers, ynformearre.