FIDEO: SC Hearrenfean hat spilers te fiter

01 apr 2017 - 11:08
1 april grap SC Hearrenfean - Foto: Twitter SC Hearrenfean

De seleksje fan SC Hearrenfean is flink te fiter nommen as 1 april-grap. De klup sette mei meiwurkers fan de plysje Hearrenfean yn sêne dat de seleksje fan de fuotbalklup fertocht waard fan it brûken fan ferbeane middelen. Under oaren Lucas Bijker en Henk Veerman waarden troch de plysje ûnderfrege. Efkes like de 1 april-grap te mislearjen, doe't Stefano Marzo de ferburgen kamera ûntduts. Mar de plysje spile tûk yn op dizze ûntdekking. Nei in oere makke de sportklup bekend dat it om in 1 april-grap gong.

Sjoch hjirûnder de fideo fan de 1 april-grap fan SC Hearrenfean.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean 1 april plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)