Ron van den Hout nije biskop fan bisdom Grins-Ljouwert

01 apr 2017 - 10:02

Ron van den Hout wurdt de nije biskop fan it bisdom Grins-Ljouwert. De pryster út Brabân folget Gerard de Korte op. Dy stapte ferline jier oer nei it bisdom Den Bosch. Van den Hout wurke dêr ek, dus it lêste jier hat er al gearwurke mei De Korte. De nije biskop Van den Hout is sneontemoarn presintearre yn Grins.

De 52-jierrige Van den Hout is sûnt 2012 fikaris-generaal yn Den Bosch. It bisdom hat der lang oer dien om in opfolger foar De Korte te finen.

Van den Hout is berne yn Tilburg en hat studearre oan it Sint-Janscentrum yn Den Bosch. Hy waard yn 1993 ta pryster wijd. Letter studearre er yn Rome en skreau in proefskrift oer it bibelboek Zacharia oan de Universiteit fan Nijmegen.

Van den Hout stiet bekend as in hurde wurker. Sa jout hy neist syn baan as fikaris-generaal ek kolleezje oan trije prysterseminaarjes. Minsken dy't him goed kenne, beskriuwe him as yntelligint, mar diskreet en as in man dy't it leafst op de achtergrûn funksjonearret.

De nije biskop moat liedingjaan oan 29 parochys mei 81 tsjerken en goed 100.000 katoliken. Der binne yn it bisdom Grins-Fryslân 23 prysters en 20 pastoraal wurkers.

(advertinsje)
(advertinsje)