Feilichheidsregio presintearret nij dekkingsplan brânwacht

01 apr 2017 - 08:40

De Feilichheidsregio Fryslân presintearret sneontemoarn it nije dekkingsplan foar de Fryske brânwacht. It plan is makke yn opdracht fan alle Fryske boargemasters. Yn it plan mei de namme 'Samen Paraat' is mei in regionale bril sjoen hoe't de brânwachtsoarch yn ús provinsje sa feilich en goed mooglik dien wurde kin.

Oant 2014 organisearre elke gemeente syn eigen brânwachtsoarch, mar it is no ûnderdiel fan de Feilichheidsregio. It plan giet der fanút dat alle brânwachtminsken, sawol berops as frijwilligers, sa effisjint mooglik ynsetten wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)