Auto rôlet fan oprit ôf it wetter yn

01 apr 2017 - 08:32
Foto: De Vries Media

In man út De Knipe stie freedtejûn frjemd te sjen doe't hy bûten kaam en syn auto net mear op de oprit stie. Dy wie nammentlik fan de oprit ôf de dyk oer rôle en oan de oare kant yn it wetter bedarre. Minsken dy't der del kamen bellen it alaarmnûmer, mar al gau waard dúdlik dat it net om in ûngelok gie. De eigener wachte al in skoftke op de berger. Dy kaam letter en hat de auto út it wetter takele.

Trefwurden: 
auto-ûngelok De Knipe
(Advertinsje)
(Advertinsje)