Kollum: "Pake Ferdinand"

01 apr 2017 - 08:17

"Fryske kij binne fan oarsprong readbûnt. Net swart- mar readbûnt. Pas letter is de swarte kleur ynkruse en noch letter ha de Amerikanen der mega grutte libjende molkefabriken fan makke. Myn iene pake hjitte Jan, dêr is myn broer nei ferneamd, de oare hjitte Ferdinand en dy namme ha ik krigen. Pake Ferdinand kaam fan Riis, tsjinne by de huzaren en letter waard er boer en feekeapman te Rotsterhaule. Hy stoar op Prinsjesdag yn 1979.

Ik ha net folle fan de man urven, mar wol in pear hiele moaie dingen. In tabakspot bygelyks, mar ik smook al in jier as wat net mear. Yn de keamer hinget in buordsje oan de wand, ik wol leauwe dat it Warkumer ierdewurk is, mei de tekst: 'Ter herinnering aan het eerste bestuurswerk van de VRF', mei de jiertallen 1957 oant 1982 der by. Hy hat alris yn stikjes lein, mar is prachtich restaurearre troch myn fuotbalmaat Jan út Makkum, dêr’t ik al jierren njonken sit yn it Abe Lenstra Stadion.

Pake Ferdinand fokte Fryske readbûnte kij. En dy kij sieten sa flak nei de oarloch aardich yn de nederklits. De boeren keazen massaal foar de kij dy’t mear molke joegen en lieten de saneamde dûbeldoelkij foar wat se wienen, se waarden gek makke troch de foarljochters. De sobere Fryske kij drigen út te stjerren, der wienen in stik as wat minsken dy’t dat skande fûnen en de VRF oprjochten. De Vereniging van Roodbontfokkers in Friesland. Pake Ferdinand Keulen waard de earste foarsitter fan de feriening.

De leafde foar de Fryske readbûnten bleau yn de famylje, twa omkes en tanten en myn heit en mem ha harren hiele libben buorke mei Fryske readbûnte kij. Doe’t de pleats oan de Marijkemuoiwei yn Oranjewâld fuort gie, binne de lêste rassuvere eksimplaren nei Jorwert gien. Dêr ha se tsjinne as leveransier foar embryo’s en sa harren part dien om de soart yn stân te hâlden.

Myn dierberste oantinken oan myn pake is in fotoboek dêr’t werklik prachtige plaatsjes fan it fee yn steane. Ik ha sels ek nochris in Fryske reade ko hân, mar dêr paste ik sa goed op dat Klaske, sa hjitte se, te fet wie om kalf te wurden. Spitich, no ha ik allinnich noch Fryske hinnen. Readbûnte, dat dan wol wer. Dy binne ek seldsum, krekt sa as de Fryske readbûnte ko.

Dizze wike wie yn it nijs dat troch de nije fosfaatwet tal fan ynhiemske rassen bedrige wurde. Ik nim de boeren neat kwea-ôf, dy wurkje hurd om in stikje bôle te fertsjinjen, mar dit is dochs wol de wrâld op de kop. De sobere, by it oarspronklike lânskip passende bisten lykas de blierkop, de lakenfjilder en de Fryske readbûnte ko steane faai yn harren fuortbestean omdat de boeren as idioaten oan it melken slein binne nei it ôfskaffen fan de superheffing en fierstentefolle stront produsearje.

Dus de ekstinsive boeren dy’t net as wylden útwreide ha, guon melke de rassen dêr’t ik it krekt oer hie, wurde wer ris troffen troch de ûnmacht fan de polityk om maatwurk te leverjen. It is om te janken en de safolste werhelling fan 1983 doe’t de superheffing ynfierd waard en der gjin ferwin op wie as je tafallich in min jier hienen troch sykte as wat dan ek mar. Hawar, dy tiid hat west.

Heit hat yn tritich jier buorkjen nea it lân omploege. Dêr laitsje se no om, mar der wie gjin reden om it te dwaan. De greide wie fol mei krûden en blommen, der wienen greidefûgels, de foksen en krieën waarden bejage en we hienen rûge dong. Ik pleitsje net foar it weromgean yn de tiid, mar it giet my wol oan it hert dat foar de safolste kear de kij dy’t hjir fan âlds thúshearre, útstjerre sille. Nei alle leafdewurk âld papier dat er der foar dien hat om de prachtige Frysk readbûnte ko te behâlden, draait pake him no grif yn de kiste om."

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op Twitter.

(Advertinsje)
(Advertinsje)