Martijn Barto: "Drie belangrijke punten richting play-offs"

Martijn Barto wie net bliid dat er op de bank begjinne moast yn de wedstriid tsjin FC Emmen. De muoisume wedstriid waard lykwols troch syn ynfalbeurt mei 1-0 wûn. Hy is dan ek tefreden dat er it ferskil meitsje koe: "Ik ben er zeker niet blij mee om op de bank te beginnen, maar de trainer maakt keuzes. Gelukkig schiet ik de 1-0 binnen en hebben we drie belangrijke punten richting de play-offs.
"Uterst spannend"
Ek trainer Sipke Hulshoff is tige foldien mei de winst op Emmen. "Dit binne trije hiel belangrike punten. Wy komme hieltyd tichter by de doelstelling dy't wy berikke wolle." Mar it heljen fan de neikompetysje en wer promovearje nei de Earedifyzje is noch in lange wei, tinkt Hulshoff: "Der binne noch in oantal ploegen dy't meistride om de boppeste fiif plakken. It wurdt dus noch uterst spannend."
Nije wike spilet Cambuur út by NAC Breda, dat freed mei 4-0 wûn fan koprinner VVV Venlo.