Sealfuotbalfroulju Drachtster Boys ferlieze yn einfaze

Sealfuotbalfroulju Drachtster Boys © Drachtster Boys
De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys ha freedtejûn de topper tsjin koprinner Pernis ferlern mei 5-3. In soer ferlies foar de Drachtsters, om't se seis minuten foar de ein noch mei 3-1 foar stiene. Drachtster Boys naam brutaal de lieding yn it duel en iepene de skoare troch in doelpunt fan Jessie Prijs. Net folle letter waard it ek 2-0 troch Prijs. Pernis kaam werom oant 2-1, mar dêrnei foel de 3-1 foar Drachtster Boys. De wedstriid kantele doe folslein en yn de hektyske einfaze skoarde Pernis fjouwer kear, sadat mei 5-3 wûn waard.