Barto skopt Cambuur nei 1-0 oerwinning tsjin Emmen

Sportklup Cambuur hat freedtejûn gjin fout makke yn de striid om de play-offs te heljen yn de Jupiler League. De Ljouwerters wûnen yn in sfearfol Cambuurstadion mei 1-0 fan konkurrint Emmen. Cambuur begûn sterk en krige ek in tal kânsen fia Van de Streek en Hoefdraad, mar de bal woe der yn de earste helte net yn.
Yn de twadde helte hie Cambuur opnij it bêste spul en waard de wedstriid iepenbrutsen troch in doelpunt fan Martijn Barto yn de 74e minút nei min ferdigenjen fan Emmen. De Ljouwerters krigen dêrnei kâns op kâns, mar it bleau 1-0.