Froulju SC Hearrenfean winne mei 4-0 fan PEC Zwolle

31 mrt 2017 - 21:49
Foto: Martin de Jong

De froulju fan SC Hearrenfean ha freedtejûn de kompetysjewedstriid tsjin PEC Zwolle wûn. Yn it Abe Lenstra Stadion waard it 4-0. Tiny Hoekstra iepene de skoare foar de Feansters en noch foar it skoft waard dit ferdûbele troch Laura Strik: 2-0. Nei it skoft boude Hearrenfean de skoare út troch doelpunten fan opnij Strik en Jassina Blom. Troch de winst slút Hearrenfean de reguliere kompetysje ôf mei 18 punten út 21 wedstriden. Dat is goed foar it sechsde plak yn de einstân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)