SC Hearrenfean wol net fierder mei Sibon en Gartenmann

Gerald Sibon moat fuort by Sportklup Hearrenfean. Sibon (42) is op it stuit assistint-trainer fan coach Jurgen Streppel en nimt oan de ein fan it seizoen ôfskied. Earder wie Sibon trainer fan de jeugd by SC Hearrenfean. Technysk manager Gerry Hamstra: "We gaan de staf rond het eerste en tweede anders indelen. Daarvoor is voor Sibon geen rol weggelegd."
Ek it kontrakt fan sintraal ferdigener Stefan Gartenmann (20) wurdt net ferlinge. De opsje yn it kontrakt fan de Deen wurdt net lichte. Hy wie sûnt 2015 by SC Hearrenfean.