Judoka Bergstra pakt brûns by Grand Prix yn Georgië

31 mrt 2017 - 20:07

Judoka Margriet Bergstra (23) fan De Lemmer hat freed brûns pakt by de Grand Prix judowedstriid yn Tbilisi yn Georgië. Se die dat yn de klasse oant 57 kilogram. Se ferlear yn de heale finale fan de Russin Irina Zabloedina. Yn de striid om it brûns wûn se fan Khulan Tseregbaatar út Mongoalië.

(advertinsje)
(advertinsje)