"Impact fan treinûngelok op masinisten is enoarm"

31 mrt 2017 - 19:56

De impact fan in treinûngelok op masinisten is enoarm. Dat seit Evert Jan van de Mheen, spoarbestjoerder fan it fakbûn CNV. "Je bent met een behoorlijke snelheid onderweg en je ziet ineens een auto eroverheen gaan. Je hebt geen invloed meer, je kunt niet ingrijpen. Dus de impact is enorm."

Nei oanlieding fan it deadlike ûngelok fan ôfrûne moandei yn Harns wurdt wer drok praat oer de befeiliging fan spoaroergongen. Wat in ûngelok docht mei de masinist bliuwt somtiden lykwols ûnderbeljochte.

De opfang fan masinisten by spoarbedriuwen is goed, fynt Van de Mheen. By dy bedriuwen is al langer bekend hoe grut de infloed wêze kin fan in treinoanriding op de masinist en der wurdt dêrom help ferliend as it nedich is. Hoefolle foarsoarchmaatregels spoarbedriuwen ek nimme, it is neffens Van de Mheen hast net foar te kommen dat der ûngelokken barre op spoaroergongen. "Wat je ook beveiligd, je zult het nooit echt helemaal kunnen voorkomen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)