Ljouwert nimt ôfskied fan wethâlder Harry van der Molen

31 mrt 2017 - 18:46

It mienskipsfûns foar doarpen & wiken en de resultaten yn de striid tsjin de earmoed ûnder bern. Dat sjocht Harry van der Molen as hichtepunten fan syn karriêre as wethâlder yn Ljouwert. Van der Molen naam freed ôfskie fanwege syn oerstap nei Den Haag, dêr't er as lid fan de Twadde Keamer foar it CDA oan de slach sil. By de ôfskiedsresepsje wiene njonken kollega's, amtners en de bekende pommeranten ek in soad fertsjintwurdigers fan doarps- en wykorganisaasjes dy't it 'trochpakken' fan dizze wethâlder as syn sterke punt neamden.

Van der Molen wurdt as wethâlder opfolge troch Marianne Van Hall-Disch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)