FIDEO: De Gordyk: kuorbal, kuorbal en nochris kuorbal

31 mrt 2017 - 17:08

It giet op De Gordyk oer neat oars as oer kuorbal. LDODK spilet yn de play-offs fan de kuorballeague, en dat is it praat fan de dei yn it doarp dêr't kuorbal libbet by jong en âld.

Femke Faber, Friso Boode en foarsitter Gouke de Vries fan LDODK seagen yn Fryslân Hjoed foarút op de wedstriid fan sneon tsjin TOP út Sassenheim. Neffens Boode is de tarieding foar de play-offs net folle oars as by in normale wedstriid. "Je probeert in de voorbereiding gewoon hetzelfde te doen als dat je altijd doet." Foar Faber leit it oars, want it is foar har de earste kear. "Der leit by my wol wat mear druk op. Ik ha foaral lêst fan dy druk foar de wedstriid. Dan ha ik lichte kribeltsjes yn de bûk, mar dochs foaral sin om te knallen."

Trefwurden: 
kuorbal De Gordyk LDODK
(Advertinsje)
(Advertinsje)