Team Victorie hâldt op: Hospes en De Vries sûnder ploech

31 mrt 2017 - 16:33
Foto: Timsimaging.nl, Neeke Smit

Reedriders Sjoerd de Vries en Jesper Hospes moatte in nije ploech sykje, want Team Victorie hâldt der mei op. Dat hat de ploech freed bekendmakke fia schaatsen.nl. Michel Mulder wie de kopman fan de ploech, mar hy koe dit seizoen net meidwaan mei de top.

Allinnich Marije Joling hat by de froulju noch aardige resultaten delsetten, sy waard Nederlânsk kampioene allround. De ploech hat it hiele seizoen besocht in nije sponsor te finen, mar dat is net slagge.

"We hebben de schaatsers laten weten dat ze hun eigen weg moeten gaan", melde Renate Groenewold oan RTV Drenthe. De trainers hawwe neat fertsjinne en dan hâldt it in kear op. De reedriders hiene rjocht op dúdlikheid, ek omdat der Olympyske Spelen yn 2018 binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)