Subsydzje oanfrege foar monumintale tsjerken en tsjerkhôven

31 mrt 2017 - 16:14
Foto: Omrop Fryslân

De Stichting Beheer Kerkelijke Gebouwen Noord-Nederland hat foar njoggentjin ryksmonumintale gebouwen en tsjerkhôven yn Fryslân subsydzje oanfrege. It giet om subsydzje foar it ûnderhâld fan bygelyks tsjerken en tsjerketuorren. Der is ek subsydzje oanfrege foar gebouwen en hôven yn Grinslân en Drinte. De stichting hie goed oardel miljoen euro oanfreegje kinnen. It folsleine bedrach is lykwols net nedich. De measte gebouwen dy't yn behear binne, binne goed genôch ûnderhâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)