Boatsjeminsken wurde yn Snits ekstra wolkom hjitten

31 mrt 2017 - 15:53
'Welkom in Sneek' stiet der sûnt fan 'e wike by de brêgen - Foto: Werkgroep Binnenstad Sneek

By de brêgen yn Snits binne buorden pleatst dy't boatsjeminsken wolkom hjitte yn de stêd. De toeristen wurde trochferwiisd nei de nije toeristyske webside www.sneek.nl dêr't allegear ynformaasje te finen is oer wat der te rêden is yn Snits.

Op de buorden stiet ek hoe heech oft de brêgen binne. It is de bedoeling dat foaral minsken mei lytsere boatsjes en bygelyks kano's stimulearre wurde om troch te farren nei it sintrum, om dêr te winkeljen of in terraske te pakken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)