Arsjitekten kinne wurk yntsjinje foar Abe Bonnema Priis

31 mrt 2017 - 15:29
Yn it midden de priiswinner fan de Abe Bonnema Priis yn 2016, Ard de Vries

Arsjitekten kinne har fan no ôf ynskriuwe foar de Abe Bonnema Arsjitektuerpriis. Se kinne de priis winne as se yn de ôfrûne twa jier in gebou fan arsjitektoanysk heechweardige kwaliteit ûntwurpen ha, dat takomstige generaasjes ynspirearret en ta foarbyld tsjinje kin.

Gadingmakkers ha oant ein juny de tiid om har yn te skriuwen. Ein novimber wurdt bekend wa't wûn hat. De priis is neamd nei de bekende Fryske arsjitekt Abe Bonnema. Doel is om de kwaliteit fan de arsjitektuer yn Nederlân te stimulearjen

(Advertinsje)
(Advertinsje)