Wurkstraf foar stellerij by boumerken

Rjochter © Omrop Fryslân
In man út Rotterdam is feroardiele ta in wurkstraf fan 150 oeren foar stellerij by boumerken yn Fryslân. Mei in maat sloech er ferline jier syn slach by boumerken yn Frjentsjer, Ljouwert en Dokkum. De twa wiene foaral út op akkuboarmasines. De oare man waard ferline jier al feroardiele ta in jier sel. Syn straf is heger, omdat er in flink strafblêd hat. De Rotterdammer krige in wurkstraf, omdat syn rjochtsaak lang op him wachtsje liet en omdat er yntusken in baan hat.