Nije gemeentenamme Noardeast-Fryslân definityf fêststeld

31 mrt 2017 - 14:47
Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De nije namme Noardeast-Fryslân is tongersdeitejûn troch de gemeenterieden fan Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân definityf fêststeld. Tagelyk is ek it weryndielingsadvys fêststeld en dat is in twadde formele stap rjochting de weryndieling dy't op 1 jannewaris 2019 yngean sil. Dit advys giet no nei it provinsjehûs, dat it stik mei eventuele op- en oanmerkingen trochstjoert nei de minister. Dy makket der in wetsûntwerp fan. As alles goed giet, wurdt it wetsûntwerp yn de maitiid fan 2018 oannommen troch de Twadde en de Earste Keamer.

De tariedings yn de trije gemeenten gean fan no ôf gewoan troch.

(advertinsje)
(advertinsje)