Hoe’t de Fryske flagge yn in Bulgaarske fideoklip bedarre

Hoe komt in Fryske flagge yn de fideoklip fan in Bulgaarsk dancenûmer? Dat fregen wy ús ôf neidat wy op YouTube de klip seagen fan ‘Za Mene Kray Si’ fan sjongeres Dzhulia. Yn de muzykfideo dûnset de Bulgaarske sjongeres mei in grutte lape stof mei dêrop ûnmiskenber de Fryske pompeblêden. We sochten kontakt mei Dzhulia fia Skype om it har sels te freegjen.
“It wie in idee fan myn stiliste. Doe't sy foarstelde om dizze flagge te brûken yn myn fideoklip, gie ik fuort akkoart. Foaral omdat ik de flagge hiel moai fûn, fanwege de kleuren. Ik tocht earst dat it in sjaal wie yn stee fan in flagge. Myn stiliste hie it krigen fan har freon út Nederlân, mar ik wist net dat it de flagge fan Fryslân wie.” Of soe se tinke dat it hertsjes binne yn stee fan pompeblêden, fregen wy ús op de redaksje ôf. “It binne gjin hertsjes, dochs?” antwurdet Dzhulia op ús fraach. Mar wat it krekt binne, wit sy net.
De sjongeres kin Nederlân fansels wol, mar fan Fryslân hie se noch nea heard. De fideoklip fan ‘Za Mene Kray Si’ is yntusken hast 400.000 kear besjoen op YouTube. “It nûmer giet oer de leafde. Eat wat dit jier spile.” En dus hat it ek neat mei Fryslân te krijen. Mar se witte yn Bulgarije no wol hoe’t de Fryske flagge derút sjocht. “Ik soe it hiel leuk fine om in kear nei Fryslân te gean, want ik leau net yn tafal”, seit Dzhulia.
Sjoch hjir nei de fideoklip fan Dzhulia: