"Je moatte jesels net te serieus nimme, en in oar ek net"

31 mrt 2017 - 14:21

Biezems en spinnen yn bêd, fiters los, gatten yn de broek: it komt allegearre wol foarby as je op de Ljouwerter freedsmerk prate oer 1 april. Mar der wie mear. Sa fertelde in dûmny dat er alle jierren op 1 april in grap úthellet mei syn gemeente. Ferline jier soe der bygelyks sprake wêze fan in halloweenfiering yn tsjerke. "Je moet jezelf niet te serieus nemen. En de ander trouwens ook niet."

In merkkeapman wol besykje de klanten sneon te fernuverjen troch te wikseljen mei kollega's. Allegearre achter in oare kream. In oar betocht benammen grappen fan eartiids en dat it sa'n feest wie op skoalle. ''Master jo hawwe in gat yn de broek!'' Oaren hawwe der hielendal neat mei en fiele har der sels ûngemaklik ûnder. "Ik haw der in hekel oan en wurd der suver lilk fan. Pas mar op." Hilarysk wie it ferhaal fan immen dy't har troudei op 1 april hie. Sawat alles gong mis dy dei. Mar oft it no echt sa wie, of dat se ús der mei te pakken hie, bleau ûndúdlik.

Trefwurden: 
1 april freedsmerk Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)